Menameradiel fernijt
- Home
- Nieuws
Keninklike underskieding foar riedslid Freerk Siegersma
Op tongersdei 2 febrewaris hat loko-boargemaster L. Pen in Keninklike Underskieding útrikt oan Freerk Siegersma.
Siegersma is dêrby beneamd ta lid yn ‘e Orde van Oranje Nassau. Al hast 16 jier sit de hear Siegersma as riedslid foar de FNP yn ‘e gemeenteried fan Menameradiel. Fanwege syn sûnens docht hy no in stap tebek en sil hy tydlik ferfongen wurde troch de hear Van der Schaaf.
Troch syn lange riedslidmaatskip hat de hear Siegersma in dúdlike ynhâldlike bydrage levere oan de ûntwikkelingen dy’t yn Menameradiel plak fûn ha. Neist syn riedslidmaatskip is de hear Siegersma ek op in protte oare gebieten maatskiplik aktyf west. Sa is hy ûnder mear mei-oprjochter en dêrnei bestjoerslid fan de fuotbalferiening Sportclub Berlikum. Op dit stuit is Siegersma noch foarsitter fan de Fûgelwacht Berltsum-Wier.


