Gemeente Menaldumadeel

  • Sport & rekreaasje

Toerisme & rekreaasje

De gemeente Menameradiel hat toeristen en deirekreanten in soad te bieden. Yn gearwurking mei ûndernimmers wol de gemeente jo ferbliuw sa oangenaam mooglik meitsje.

Rekreaasje yn Menameradiel

De gemeente Menameradiel wurdt karakterisearre troch it iepen en flakke lânskip mei har terpen, doarpen en tsjerketuorren, dy ’t al fan fierrens te sjen binne. It gebiet is by ústek geskikt foar minsken dy ’t fan fytsen en kuierjen hâlde. Sa is der it ‘Fietsknooppuntennetwerk Noardwest Fryslân’. Mei stipe fan in ienfâldige wize fan bebuordzjen fytst men fan punt nei punt en kin men sels de rûte en it tal kilometers bepale.  Mear ynformaasje kin men fine op de hiemside: www.noardwestfryslan.nl. Hjirnjonken binne der de saneamde boerepaden, dy ’t begjinne efter swimfiver  ‘De Swanneblom’ yn Slappeterp. De boerepaden binne kuierpaden dy ’t rinne troch de lannen en mei ienfâldige hikken, wringen en paadwizers, binne der moaie rûtes ûntstien.

Ek op it mêd fan kultuer is der fan alles te sjen. Sa is der in ferskaat oan tsjerken yn de gemeente en eltse tsjerke hat syn ferhaal. Bygelyks de karakteristike koepeltsjerke yn it hert fan Berltsum, dy ’t yn de perioade fan april oant en mei oktober ûnderdak ferliend oan in seldsume flearmûze soart. De tsjerketoer fan Deinum is bekend om syn sipelfoarm. Sa wurde pleatslike ferienings ek faak nei de sipel ferneamd. Yn de tsjerke fan Boksum hinget in boerd dy ’t de Slach by Boksum yn it ûnthâld bringt by de minsken. Dizze slach wie in djiptepunt foar Fryslân yn de striid tsjin de Spanjaarden. Fierder falt der oer de tsjerke yn Dronryp ûnder mear te fermelden dat hjir it âldst noch wurkjende oargel oanwêzich is. Dan is der ek noch de tsjerke fan Wier. Oan de bûtenkant fan dizze tsjerke hinget in astronomysk oerwurk, dat yn de twadde wrâldoarloch troch in ûnderdûker yn Wier makke is, út tankberens foar de opfang.

Hjirnjonken is der de stifting Mûnen Menameradiel, dy ’t yn it besit is fan acht mûnen, dy ’t alhiel restaurearre binne. De stifting  hat in wurkpleats ‘Kornelis’ yn Marsum, en jout elts jier in kalinder út. Mear ynformaasje oer dizze stifting fine jo op de hiemside: www.uytland.nl. Mear ynformaasje oer kultuerhistoarje yn Menameradiel is te finen op de hiemside fan de gemeente, ûnder it stikje ‘Skiednis, Keunst en kultuer’.

As it giet om mooglikheden om te oernachtsjen, beskikt de gemeente benammen oer lytsskalige foarsjennings lykas minycamping en teetún Slappeterp, minycamping en teetún de Brinkhoeve, de van Harinxmacamping, ferskate Bêd & Brochje foarsjennings, mar ek it gruttere park Schatzenburg mei foarsjennings lykas in swimbad, in rekreaasjefiver, in sporthal en sportfjilden.

Ek op it mêd fan wetterrekreaasje hat Menameradiel mooglikheden. Sawol de Alvestêdenrûte as de Klaairûte rinne troch de gemeente.  De Klaairûte is in histoarysk wichtige farrûte foar it ferfieren fan lânbouprodukten. Mear ynformaasje hjiroer is te finen op de hiemside fan de gemeente, ûnder it stikje ‘Skiednis, Keunst en kultuer’. Yn Menameradiel is de mooglikheid foar fartoeristen oanwêzich fan it ferkrijen fan skjin wetter en it stoarten fan smoarch wetter.

It Poptaslot

It Poptaslot, ek wol Heringa State neamd, is rûn 1500 troch de Heringa’s oprjochte. De âldste keamers datearre noch út dy tiid. Letter krige it geslacht Van Eysinga de state yn har besit. Trije generaasjes Van Eysinga bouden it slot út sa waard der ûnder oaren in salon by pleatst. Yn 1687 kocht Henricus Popta it slot, ynklusyf de ynventaris, it Frysk sulverwurk en de famyljebank yn de tsjerke. De hear Popta wie wurksum by der rjochtbank yn Ljouwert en brûkte it slot benammen as simmerferbliuw. Foar earme en allinichsteande froulju rjochte hy yn 1712 it saneamde gasthûs. Popta woe dat nei syn ferstjerren it slot nea wer permanint bewenne wurde soe, om ’t hy woe dat it yn oarspronklike steat bewarre bliuwe soe. De state moast goed ûnderhâlden wurde en it gasthûs moast bestean bliuwe. Henricus Popta stelde dêrom fjouwer  ‘regenten’ oan dy ’t sizzenskip krigen oer it slot en foar middels soargen om de froulju yn it gasthûs te ûnderhâlden.  Troch de ieuwen hinne binne de foarwaarden fan it testamint útfierd. Noch altyd binne de fjouwer ferantwurdlik foar it slot en wenje allinnichsteande froulju tsjin in lege hierpriis yn it gasthûs.

It Popta Slot is ien fan de seldsume states dy ’t yn Fryslân oerbleaun binne. 

Iepeningstiden:
- yn april en oktober op ôfspraak
- yn july en augustus fan moandei oant en mei saterdei  11.00 - 17.00 oere
- yn maaie, juny en septimber om 14.30, rûnliedings op ôfspraak

Klaairûte

Berltsum
De doarpen lizze ûnderling sa ’n fjouwer oant seis kilometer fan inoar ôf.  Nei Ried berikke jo Berltsum dat foar de ynpoldering fan de Middelsee (13-de ieuw) in fiskers- en hannelsplak wie.  De karakteristike koepeltsjerke foarmet it hert fan dit meast noardlike doarp fan de Klaairûte. (yn de
perioade fan april oant en mei oktober ferliend de koepeltsjerke  ûnderdak oan in seldsume  flearmûzen soart).

Menaam
Dit sintrum fan agraryske bedriuwichheid leit yn it oergongsgebiet tusken de akker- en de túnboustreek en de Greidhoeke . De 'Menamerfeart', yn eardere tiden  in wichtich farwetter foar it ferfier fan lânbouprodukten, leit der no rêstich by. Foar de brêge komme jo foarby it karakteristike gemeentehûs (1843).

Deinum
Krekt oan de westkant fan Deinum mei syn tsjerke mei sipeltoer , eindiget de Klaairûte yn it Van Harinxmakanaal.

Akkommodaasjes

Hjirûnder fine jo in oersjoch fan akkommodaasje- en rekreaasjeplakken: 

Campings
Teetún en Minicamping Slappeterp

Frou W. Bouma
Kleasterdyk 12a
Slappeterp
tel. (0518) 45 18 54 

Van Harinxmacamping
de hear H. J. Slagter
Marsumerdyk 7
Deinum

Camping en teetún De Brinkhoeve
Frou G. van den Brink-Munts
Tsjerkepaed 28
Wier

Camping Schatzenburg
de hear. R.F.J. van Booma
Rypsterdyk 23
Menameradiel

Dei-rekreaasje
Lânhûs Schatzenburg
de hear W. Poerink
2e Hogeweg 48
Zeist
Allinnich op de nasjonale monumintendei (2e sneon yn septimber) is dit hûs te besjen .

Stifting Dr. H. Popta Gasthûs
Poptagasthûs
Hegdyk 18
9034 XC Marsum
(058) 254 12 31
popta123@hetnet.nl

Stifting Molens in Menameradiel
de hear J. Faber
R. Veemanstrjitte 18
Marsum

Stifting Beeldrijk
Postbus 6
Menaam

Stifting Âldheidskeamer De Grusertsekr. D.K. OsingaKleasterdyk 3aBerltsum Stifting de Swanneblomhttp://www.swanneblom.com/

Rederij Middelsee
famylje J. Middelkoop
Ritsumasyl 13
Deinum

Horeka
Kafé Yn 'e Stâl
de hear W.J.G. Wieggers 
It Heech 1
Dronryp

Kafé Hof van Holland
de hear  J. Hoekstra 
Bitgumerdyk 2
Berltsum

Kafé De Poarte
de hear T. Dijkstra 
It Skil 13
Berltsum

Bêd en brochje
Bêd en brochje

frou M. Posseth
Rypsterdyk 44
Marsum

Bêd en brochje
de hear J. Stornebrink
Tichelwurk 5
Dronryp

Poptaslot
Poptagasthûs
Hegdyk 18
9034 XC Marsum
(058) 254 12 31
popta123@hetnet.nl

© Gemeente Menameradiel