Menameradiel fernijt
- Undernimme & bedriuwen
Undernimme & bedriuwen
De gemeente Menameradiel jout romte oan ûndernimmers. Ûntdek hoe’t jo hjir wurk kombinearje kinne mei de rêst en de romte fan it plattelân.
Yn de gemeente Menameradiel binne op ferskillende lokaasjes in oantal lytsere en gruttere bedriuweterreinen oanwêzich. Op dy bedriuweterreinen is romte foar it fêstigjen, ferpleatsen en útwreidzjen fan bedriuwen dy’t nei aard en skaal by de gemeente passe. Neist dy bedriuweterreinen binne trouwens tal fan bedriuwen fêstige op in selsstannige lokaasje binnen de gemeente, mei dêrûnder de agraryske bedriuwen. Utsûnderlik binnen de gemeente is it mânske gebiet mei túnbou yn kassen deunby Berltsum. Yn dat gebiet wurdt romte bean oan glêstúnboubedriuwen dy’t twongen binne har út it Westen fan it lân wei te ferpleatsen.
De gruttere bedriuweterreinen yn de gemeente lizze yn Dronryp, Berltsum en Menaam. Yn dy doarpen binne de ôfrûne jierren in protte bedriuwskavels útjûn. Om’t de beskikbere romte foar bedriuwen hieltyd krapper wurdt, wurket de gemeente oan de ûntwikkeling en útwreiding fan nije en besteande bedriuweterreinen.
De gemeente Menameradiel makket diel út fan de Westergoasône, de ekonomyske kearnsône tusken Ljouwert en Harns. Foar mear ynformaasje oer de Westergoasône, klik hjir.

