Gemeente Menaldumadeel

  • Wenje & wurkje

Wenje & wurkje

Menameradiel is in noflike gemeente om yn te wenjen en te wurkjen. Yn dit menu lêze jo watfoar bydrage de gemeente oan jo wenplezier leveret. Watfoar foarsjennings binne der? En wat hat de gemeente te bieden oan de jongerein en de âlderein? Jo kinne it hjir lêze.

Wenje yn ’e lanlike rêst fan Menameradiel
It is net ferwûnderlik dat hieltyd mear minsken Menameradiel as nije wenkrite ûntdutsen hawwe de ôfrûne perioade. Menameradiel hat in unyk eigen karakter mei romte en rêst om yn te libjen by ’t soad. Tel dêr de tige goede ferbining mei û.o, Ljouwert en Frjentsjer by op. Menameradiel leit om de 4-baansdyk (A 31) hinne en wurdt trochkrúst troch it Van Harinxmakanaal en de spoarline Ljouwert-Frjentsjer-Harns. Neist poerbêste busferbiningen binne boppeneamde stêden ek hiel goed mei de fyts te berikken. Koartsein, ús gemeente hat alle foardielen fan in rustike wengemeente en troch de poerbêste ferbiningen hoege jo de foardielen fan ’e stêd net te missen.

Karakteristyk
Menameradiel is in karakteristike Fryske gemeente mei goed 13.884 ynwenners. De 13 tsjerkedoarpen en 2 buorskippen dêr’t de gemeente út bestiet, lizze prachtich yn in grien lânskip mei in yn haadsaak agraryske bestimming. De ûnderlinge ôfstân tusken de doarpen fariearret fan 4 oant 6 km. Troch de iepenheid fan it lânskip kenne jo de doarpen der faak al fan fier út oan harren byldbepalende tsjerketuorren. Elk doarp hat syn folslein eigen sfear. De bekendste doarpen binne Bitgum, Bitgummole, Berltsum, Deinum, Dronryp, Marsum en Menaam.

Goede foarsjenningen
It foarsjenningepakket yn ’e 13 doarpen is goed. Skoallen, sportfasiliteiten, biblioteken ensfh. binne allegear rynsk oanwêzich. Krekt de kombinaasje fan de lizzing en it oanwêzige foarsjenningenivo draacht by oan it gefoel dat jo yn Menameradiel poerbêst wenje kinne.

Hierwenten
Foar ynformaasje oer hierwenten kinne jo kontakt opnimme mei de neikommende ynstânsje:

Wonen NoordWest Friesland
Besykadres: De Wissel 17
Postbus 26
9076 ZN Sint Annaparochie
Telefoan: (0518) 40 98 00
E-mail: info@wonennwf.nl
Internet: www.wonennoordwestfriesland.nl

Nij Statelân
Besykadres: Nijlân
9036 JL Menaam
Telefoan: (0518) 45 35 00

Stichting Palet
De stichting Palet biedt ûnder syn paraplu fan wenjen, soarch en wolwêzen in protte mooglikheden foar soarch foar âlderein.
Besykadres: Badwei 1
8934 BW Ljouwert
Telefoan: (058) 234 39 43
Ynternet: www.paletgroep.nl
E-post: info@paletgroep.nl