Gemeente Menaldumadeel

Wmo nieuws

Resultaat Wmo-belied 2008
Wy hawwe jo al in tal kearen ynformearre oer ús Wmo-belied en de bedoeling dêrfan. Sa oan de ein fan it jier liket it ús goed om jo wat mear te fertellen oer hoefier wy no binne.

Omtinkerskip
Belangrykste is it omtinkerskip. Projektlieder Geert van der Velde hat petearen fierd mei alle organisaasjes dy’t yn ús gemeenten soarch en tsjinsten oanbiede. Harren is frege om mei te wurkjen oan it ekspearimint omtinkerskip. Dat betsjut dat sy foar in jier minsken útliene om diel te nimmen oan ús omtinkersteam. By dat omtinkersteam kinne jo mei al jo fragen telâne. Sy beantwurdzje jo fraach of komme by jo om mei jo in goeie oplossing te finen.

Al dy organisaasjes binne posityf en hawwe tasein dat se oan it ekspearimint meidwaan wolle. Wy binne dêr tige wiis mei. Ein jannewaris sille we dêrfoar mei syn allen in yntinsjeferklearring ûndertekenje. It is ek de bedoeling dat fan dat momint ôf it omtinkersteam aktyf is. Sagau der mear dúdlik is ynformearje wy jo dêr oer.

Stipepunt frijwilligerswurk en mantelsoarch
In oar inisjatyf dat wy yn gearwurking mei de oare Middelseegemeentne oppakke is dat we begjin 2009 in stipepunt frijwilligerswurk en mantelsoarch realisearje sille. Stichting Welzijn Middelsee docht de útfiering. Der wurdt in frijwilligersfakatuerebank ûntwikkele dêr’t fraach en oanbod yn byelkoar komme moatte. Fierder kinne jo by dat stipepunt telâne foar fragen en advys.

Wmo-platform
It Wmo-platform is yn septimber fan dit jier út ein set. In entûsjaste ploech minsken dy’t har ynsette wol om it Wmo-belied fan de gemeente út te dragen, mar tagelyk ek sinjalen út de doarpen oppikke wol om dat oan de gemeente troch te jaan. De leden hawwe de taken ferdield en hawwe harren ynwurke. Yn it nije jier sille jo mear fan harren hearre.

Der is in soad gebeurd yn 2008. Yn 2009 geane wy mei frisse moed fierder en rekkenje der op dat wy fierder bouwe kinne oan de Wmo yn Menameradiel.